"Ingelsk is faak in probleem yn Ljouwert"

10 jun 2018 - 21:24

In kaartautomaat dy't konstant leech is, ynformaasjebuordsjes allinnich yn it Nederlânsk en meiwurkers dy't net of kwealik it Ingelsk machtich binne. It binne mar in pear fan de problemen dêr't bûtenlânske gasten fan de Kulturele Haadstêd tsjinoan rinne.

Dizze problemen fernaam studinte sjoernalistyk Caroline Riethmuller út Dútslân, dy't de ôfrûne wike staazje rûn by Omrop Fryslân. En ek de gasten fan de ynternasjonale konferinsje Circom, dy't twa wiken ferlyn nei Ljouwert kamen, rûnen tsjin problemen oan. Sa giene de poartsjes op it stasjon net iepen by kaartsjes dy't kocht wiene yn it bûtenlân en koe der net betelle wurde mei betelpassen fan oer de grinzen.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Caroline Riethmuller út Dútslân

Reaksje organisaasje LF2018

De organisaasje fan LF2018 jout oan dat se sels safolle mooglik ynformaasje yn it Ingelsk en Dútsk oanbiede. Oare organisaasjes, sa as de VVV, krije it advys fan LF2018 om dit ek te dwaan, mar dat is oan de organisaasjes sels.

(advertinsje)