Hartthijs de Vries tredde yn Omloop fan de Kerspelen

10 jun 2018 - 20:14

Hurdfytser Hartthijs de Vries fan Kollum is snein tredde wurden yn de Omloop fan de Kerspelen op De Harkema. Hy einige achter winner Jeff Vermeulen en nûmer twa Jesper Rasch. Yn de libbene koers toande De Vries him aktyf, mar de wedstriid like út te draaien op in massasprint. Op it lêste stik bruts it peloton, wêrnei't in lyts klupke foar de winst stried. De Vries rêde it dêrby krekt net op tsjin Vermeulen en Rasch.

(advertinsje)
(advertinsje)