UPDATE: Treinen tusken Wolvegea en It Hearrenfean ride wer

10 jun 2018 - 19:19

It treinferkear tusken Wolvegea en It Hearrenfean komt wer op gong. Reizgers op it treintrajekt tusken Wolvegea en It Hearrenfean moatte noch rekken hâlde mei in fertraging, mar dy is om 22.00 oere oplost, meldt de NS. Der hat in ûngelok west op it spoar tusken Wolvegea en It Hearrenfean.

De NS hat stopbussen ynset tusken Wolvegea en It Hearrenfean. Ek ride der snelbussen tusken Stienwyk en Ljouwert. As alles wer neffens tsjinstregeling rydt, ferfalle de bussen.

(advertinsje)