Bern op syk nei wetterlibben yn Ljouwerter Bosk

Mei skepnetten en somtiden sels swimpakken yn de oanslach, binne tsientallen bern snein it Ljouwerter Bosk yn gien op syk nei wetterlibben. Se diene dat op inisjatyf fan IVN Natuureducatie. Dizze lanlike feriening organisearret alle jierren in saneamde Slootjesdag. Troch de bern útsykje te litten hokker bisten der yn it wetter sitte, wol it IVN te witten komme hoe't de wetterkwaliteit is.
Se diene dat op 72 ferskate plakken yn it lân en ien derfan wie dus de Ljouwerter Bosk.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Ferslachjouwer Wytse Velllinga seach by de bern en by harren fangst...