Rjochtsaak gizeling oanhâlden

04 nov 2011 - 10:18

De rjochtsaak tsjin de fertochten fan de gizeling fan in bussjauffeur wurdt oanhâlden. Twa ynwenners fan De Haach soene yn april de bussjauffeur fan Connexxion op 'e Jouwer gizele ha. It Iepenbier Ministearje hat de stikken te let nei de rjochtbank en de ferdigening stjoerd. It IM jout de flater ta. De rjochtbank fynt de gong fan saken spitich. De rjochter gie net yn op in fersyk om de fertochten frij te litten.

(advertinsje)