FIDEO: De autocrosser Sjinkie Knegt

10 jun 2018 - 16:44

Sjinkie Knegt docht dit seizoen foar it earst mei oan it Nederlânsk kampioenskip autocross. De âld-wrâldkampioen shorttrack docht mei yn de tourwagenklasse. Fuort nei it shorttrackseizoen begûn hy te sleuteljen oan syn auto om klear te wêzen foar syn earste seizoen autocross. In Subaru hat hy hielendal keal makke en opnij opboud, mei syn heit en wat freonen. Ferline wike helle hy by de earste wedstriid yn Haarle krekt net de finale. Dêrfoar moast hy by de earste 15 einigje, mar hy waard 18e. Sneon wie de twadde wedstriid yn in searje fan seis yn Noardburgum.

Ferslachjouwer Roelof de Vries folge Sjinkie Knegt en syn team sneon de hiele dei. Sjoch hjir nei de fideo.

De hobby autocross

Knegt docht dit seizoen foar it earst mei, mar winne is noch net realistysk. "Der binne guon by dy dogge dit al tweintich of tritich jier. It is echt in sport, dêr't ûnderfining belangryk is. Ik moat meters meitsje en dan oer in pear jier mar wer ris sjen." By de measte wedstriden dogge sa'n tritich auto's mei oan de klasse dêr't Knegt oan meidocht. De bêste fyftjin ride eltse kear de finale. "It soe moai wêze as ik dat in kear helje. Dan bin ik al bliid."

Dit is machtich

Sjinkie Knegt
Sjinkie klimt út syn auto - Foto: Omrop Fryslân

De wedstriid yn Noardburgum

By de earste wedstriid yn Haarle, Oerisel, waard Knegt achttjinde. In wedstriiddei bestiet út trije races en nei dy trije gean de bêste fyftjin nei de finale. Yn Noardburgum waard Knegt yn de earste race fiifde, mar yn de twadde gong it mis. Syn motorkape klapte omheech. Hy koe de race dêrtroch net útride.

Motorkape fan Sjinkie klapt iepen - Foto: Omrop Fryslân

Yn de tredde race botst hy nei fiif ronden op in konkurrint. Efkes is hy bang foar in diskwalifikaasje, mar hy wurdt yn de race dochs noch sânde. Dat is lykwols net genôch foar in plak yn de finale. Hy wurdt krekt as ferline wike 18e op trije punten fan de nûmer 15.

(advertinsje)