Nij besikersrekôr foar Museum Belvédère

10 jun 2018 - 16:36

De tentoanstelling Giorgio Morandi hat by Museum Belvédère soarge foar in besikersrekôr. Mear as 27.000 minsken hawwe de stillibbens en lânskippen fan de Italiaanske skilder sjoen. Snein wie de lêste dei en it wie opnij tige drok. Minsken kamen fan út it hiele lân nei it museum yn Oranjewâld ta om de skilderijen te sjen.

Foto: Museum Belvédère

Belvédère is bliid mei de belangstelling foar de tentoanstelling. Eardere tentoanstellingen fan Museum Belvédère oer Gerrit Benner en oer Paula Modersohn-Becker lutsen beide sa'n 24.000 besikers. Dizze tentoanstelling giet dêr kwa besikersoantallen dus royaal oerhinne.

De hegere besikeroantallen fernuverje direkteur-konservator Han Steenbruggen fan Museum Belvédère net. "Morandi is een internationaal bekende kunstenaar. Er kwamen dan ook niet alleen Nederlanders, maar ook bezoekers uit het buitenland. Dat kunnen we zien aan het gastenboek. Er zijn mensen die alle tentoonstellingen ter wereld over Morandi afreizen."

Besikers yn Museum Belvédère oan it wurd

Skilder, tekener en etser Giorgio Morandi libbe fan 1890 oant 1964 yn de Italiaanske stêd Bologna. Hy wie spesjalisearre yn stillibbens.

(advertinsje)