FIDEO: 'Tsjek myn sjipkiste' is fossylfrij rûnbringen pakketsjes mooglik?

10 jun 2018 - 16:02

Dizze wike yn Tsjek myn sjipkiste, it meast enerzjysunige telefyzjeprogramma, moatte de trije teams de tsjillen en assen ynstallearje. En dy moatte fansels goed fêstsitte, oars kin Symen de karre net goedkarre. En kinne we aansen mei de sjipkiste op elektromotor fossylfrij pakketsjes útsutelje of is blauwe diesel dochs in better alternatyf?

Teams De besige Bijkes fan CBS De Oerdracht út Eksmoarre: Tycho Drost, Yara de Boer en Marit Feenstra - Foto: Omrop Fryslân

Fossyl Frij Fryslân
Tsjek myn sjipkiste wurdt makke yn it ramt fan Fossyl Frij Fryslân. Hiel Fryslân wurdt de earste twa wiken fan july oproppen om ferfiersmiddelen op fossile brânstof stean te litten en op syk te gean nei duorsume alternativen. De trije teams besykje te bêste en rapste sjipkiste, in fossylfrij ferfiersmiddel, te meitsjen. 'Tsjek myn sjipkiste' sil op 4 july einigje mei in wedstriid yn de Elfstedenhal yn Ljouwert. De sjipkiste dy't as earst oer de streep is, hat wûn.

Raynaud Ritsma mei de sjipkistebouwers - Foto: Omrop Fryslân

TSJEK MYN SJIPKIST snein 10 juny 2018 TV, moandei 11 juny online op skoal.tv.

'Tsjek myn sjipkiste' is alle sneinen fan 17.30 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. Ek te sjen op woansdei en freed om 10.30, 11.30, 12.30 en 16.00 oere. Online is it programma te sjen op Skoal.tv.

(advertinsje)