"VFG moat fûst meitsje rjochting Den Haag"

10 jun 2018 - 14:21

De Fryske gemeenten moatte mei-inoar oparbeidzje om de tekoarten op it Sosjaal Domein op te lossen. Se soene as VFG fan Den Haag easkje moatte dat de 30 persint dy't se koarten binne op dat budzjet, weromkrije.

Dat Ljouwert en oare Fryske gemeenten grutte tekoarten hawwe op it Sosjaal Domein, komt trochdat der in tredde besunige is. De Fryske gemeenten soene in fûst meitsje moatte en nei den Haag stappe moatte om te easkjen dat dat jild weromkomt.

Dat sei CDA steatelid Rendert Algra yn it opiny- en diskusjeprogramma Buro de Vries, doe't praat waard oer de tekoarten dy't Ljouwert hat op it mêd fan de jeugdsoarch, de WMO en de bystân.

Hjir leit in taak foar de Feriening Fryske Gemeenten.

Rendert Algra

Algra fynt dat de VFG, de Feriening Fryske Gemeenten, dêr in wichtige rol yn hat. De VFG soe derop oanstean moatte dat de earder opleine besuniging weromdraaid wurdt, sadat de gemeenten harren taak goed útfiere kinne, sûnder dat de tekoarten hieltyd fierder oprinne.

Rendert Algra oer it Sosjaal Domein

(advertinsje)