Oeds fan fierwei: Odysseus yn Fryslân

De Odyssee fan Homerus is bepaald gjin lyts ferhaal. Skriuwer en komponist Peter Sijbenga hat him dêroan weage. De ferneamde Grykske myte wurdt yn it Frysk ferteld yn 'Oeds fan fierwei'. Fjouwer lytse doarpen bringe it ferhaal mei-inoar foar it fuotljocht.
Sêne út 'Oeds fan fierwei' © Omrop Fryslân, Pier Wouda
Yn guon doarpen stean de minsken yn 'e rige om mei-inoar de skouders ûnder in mienskipsprojekt te setten. Dat jildt ek foar de FIER-doarpen: Friens, Idaard, Eagum en Reduzum. Mei mear as hûndert frijwilligers en in hânfol profesjonals sette se dêr in bysûnder teäterstik del: 'Oeds fan fierwei'.
Oeds fan fierwei: Odysseus troch Fryslân
Weromkomme út de oarloch, dat is pas dreech.
Peter Sijbenga
'Oeds fan fierwei' is ien fan de 32 'Under de toer'-projekten fan LF2018. Peter Sijbenga fertelt oer it stik: 'Hoe dreech oft it ek is om te fjochtsjen yn in oarloch, oarloch went. Mar weromkomme út in oarloch is dreger. En dat is in hiel aktueel ferhaal, dat sjochst no ek by minsken dy't weromkomme út in oarlochssituaasje.'
De lokaasjefoarstelling 'Oeds fan fierwei' is te sjen yn de moanne july. Foar kaarten kinst sjen op de webside https://www.theatergroepfier.nl/