FIDEO: Mei de fûgels meisjen op It Gryn

10 jun 2018 - 12:36

Fideo-opnames moatte dúdlikens jaan oer de stân fan de grutte stirns op it ûnbewenne eilantsje It Gryn tysken Skylge en de fêste wâl. It kamerasysteem makket 16 oeren deis opnames. De bylden wurde ûndersocht troch de Ryksuniversiteit Grins.

De ûndersikers hâlde de koloanje grutte stins goed yn de gaten. Grutte fraach is wêrom't de grutte stirns minder manmachtich briedt op It Gryn, wylst se wol in soad op Teksel sitte. Spilet de oanfier fan fisk foar de stirnzepykjes miskien in rol? De ûndersikers hâlde by hokker fisksoart (hjerring of sânspjirring) it faakst oanfierd wurdt, hoe faak oft dy fisk oanfierd wurdt en hoe grut oft de fisk is.

Fierders besjogge de ûndersikers oft de fisk wol by de stirnzepykjes terjochte komt. Seefûgels, dy't wat assertiver binne, pikke de fisk faak foar de oare fûgels wei en dêrtroch moatte de stirnzepiken honger lije.

Trefwurden: 
It Gryn grutte stirns RUG
(advertinsje)
(advertinsje)