Fototentoanstelling Sâltlân fan Omropkollega Remco de Vries

Remco de Vries © Omrop Fryslân
Remco de Vries is njonken sjoernalist by Omrop Fryslân ek fotograaf. Hy hat de ôfrûne jierren in soad op en by it Waad omspaand en eksperimintearre mei syn kamera.
De foto's dy't er makket binne hast surrealistysk: fan kleur, ljocht en beweging. Dat komt troch bepaalde techniken dy't er brûkt. "Ik haw de tiid net beferzen, mar útsmard oer ien foto. Sa binne de stadige bewegings yn de loft en it wetter sichtber wurden," seit Remco de Vries. Syn fototentoanstelling yn it garnalefabryk yn Moddergat wurdt sneintemiddei iepene troch Joop Mulder.
Fototentoanstelling Sâltlân fan Omropkollega Remco de Vries