Nije Polder2Polder-fytsrûte troch polders Himpensermar en Leons

10 jun 2018 - 11:36
Foto: OF

Under de reek fan Ljouwert lizze twa bysûndere polders: de Himpensermarpolder, beheard troch Steatsboskbehear, en de Leonserpolder, beheard troch Natoermonuminten. Beide natoerorganisaasjes wurkje sûnt koart regionaal gear út in mienskiplik kantoar yn Wurdum wei. In fytsrûte fan 43 kilometer dy't beide polders ferbynt en it moaiste sjen lit kwa natoer en kultuerhistoarje, kin dan ek sjoen wurde as in kadootsje oan de mienskip.

Boskwachter Staatsbosbehear - Foto: OF

Beide polders hawwe in heger wetterpeil en wurde let meand. Dêrom binne se in oaze foar greidefûgels lykas ljippen, skriezen en tsjirken. De Himpensermarpolder hat in bysûnder ryk ferskaat oan blommen en krûden. Brak kwelwetter djip ûnder de grûn is dêr mei ferantwurdlik foar en jout noch altyd de link oan mei de eardere Middelsee.

02 Natuer 2018/06/10 Polder fytstocht

Fytse troch de Himpenserpolder
Foto: OF

"Fûgels hawwe in soad te lijen fan lânbou en predaasje. Dan moatte je dus wol hiel wiis wêze mei de plakjes dêr't it wòl goed giet, sa as hjir."

Sander Veenstra, boskwachter Natuurmonumenten
boskwachter Natuurmonumenten - Foto: OF

03 Natuer 2018/06/10 Polderfytstocht

Fytse troch de Leonserpolder
(advertinsje)