Auto's blokkearje ambulânse-tagong, Skylge nimt maatregels

10 jun 2018 - 10:24

De gemeente Skylge nimt maatregels om foar te kommen dat minsken dy't passazjiers fan de snelboat helje, it paad foar de ambulânse blokkearje.

It is neffens de gemeente de ôfrûne tiid meardere kearen foarkaam dat de auto's bûten de parkearfakken stiene en dêrmei op de tagong fan de ambulânse stean. Yn ien gefal koe de sikeauto net by de snelboat komme om in pasjïnt op te heljen.

De gemeente wiist derop dat parkearen, hoe koart ek, altyd yn de fakken moat. By de ambulânse-yngong komt in grut NP-teken op de dyk en de gemeente sil de plysje freegje om yn de gaten te hâlden dat it paad frij bliuwt en boetes út te dielen as dat nedich is.

It parkearterrein by de fearboathaven yn West-Skylge - Foto: Google Street View
Trefwurden: 
Skylge boat
(advertinsje)
(advertinsje)