Famylje Frank Cooper werom yn Akkrum: It's awesome

10 jun 2018 - 09:47

Ferslachjouwer Wytse Velllinga praat mei Frank en Catherine Wolf

De famylje fan de âld-Akkrumer Folkert Kuipers, de lettere Frank H. Cooper, is tige ferrast oer it grutte feest yn Akkrum. Dit wykein is it doarp hielendal omtsjoend ta it New York út de 19e iuw, de tiid dat Kuipers emigrearre nei Amerika en in suksesfol sakeman waard.

It grutte warehûs fan Cooper is hielendal neiboud en de Akkrumers hawwe klean oan út dy tiid. It sjocht der prachtich út. Fansels is it meast herkenbere oantinken yn Akkrum it senioaregebou Coopersburg.

I had no idea that it's going to be so big. It's awesome.

Frank Wolf, famylje fan Frank H. Cooper, oftewol Folkert Kuipers

It feest begûn sneon. Dêr wiene ek neibesteanden fan Frank Cooper út Amearika te gast. Se binne tige ûnder de yndruk fan wat se yn Akkrum sjogge.

This is amazing, The coolest thing I've ever seen.

Catherine Wolf

"Wy wisten net folle fan it ferhaal fan ús oeroeroerpake. Wy hawwe it heard fan de stichting en it lêzen yn it boek oer Frank Cooper," seit Frank Wolf. "Dat it sa grut wêze soe, hiene wy net ferwachte." Syn frou Catherine is it dêrmei iens: "It is geweldich".

"Myn bern woene it earst net leauwe dat dit oer myn famylje giet, doe't ik it harren fertelde", ferfolget Frank Wolf. "Ja, heit, sure, dat sil 't wol", seine se. Mar it giet echt oer Frank Cooper. It is echt wier.

Frank en Catherine Wolf fertelle oer de earste winkel fan harren oeroerpake. Dat wie net yn New York, mar yn ien fan de earste wolkekrabbers fan Chicago. It wie sels ien fan de earste grutte flatgebouwen fan de Feriene Steaten fan Amearika. It gebou waard boud nei de grutte brân yn Chicago. It gebou hie tsien ferdjippingen, hast like heech as Coopers syn winkel yn New York dy't der in pear jild letter kaam.

Frank Wolf is grutsk op syn komôf. Hy wol syn oeroerpake Frank H. Cooper earje mei wat hy en syn famylje berikt hawwe.

Trefwurden: 
Akkrum Coopersburg
(advertinsje)
(advertinsje)