VV Aengwirden nimt ôfskied fan foar moard feroardiele spiler

Fuotbalklup VV Aengwirden út Tsjalbert hat nei oerlis besletten ôfskied te nimmen fan in foar moard feroardiele spiler.
De spiler hat yn 2007 syn eks-freondinne Tessa Klaver fan Donkerbroek om it libben brocht en dêrfoar in finzenisstraf útsitten.
VV Aengwirden soe yn de neikompetysje útkomme tsjin VV Stânfries út Appelskea. Meardere spilers fan VV Stânfries koene Tessa Klaver lykwols, en woene dêrom net tsjin de feroardiele man fuotbalje. Beide klups hiene hjir begryp foar. De klup út Appelskea degradearre trochdat se net spylje woene.
Nei oerlis mei de spiler, hat VV Aengwirden no dochs noch besletten dat it better is om fuortendaliks útelkoar te gean.
It bestjoer fan VV Aengwirden skriuwt op de webside fan de klup: 'De recente media-aandacht op de toedracht van VV Stânfries haar keuze tot afzien van het spelen van de nacompetitiewedstrijd, heeft zeer begrijpelijk veel losgemaakt.'
Op tongersdei 7 juny hat it bestjoer praat mei leden, âlden fan jeugdleden en frijwilligers fan de fuotbalklup. Nei oanlieding fan de petearen en yn oerlis mei de spiler hawwe beide partijen besluten útelkoar te gean. It bestjoer 'betreurt de gang van zaken en de aandacht die het gekregen heeft voor alle betrokken partijen.'