Friezen meitsje gjin yndruk by iepen NK gersbaan

09 jun 2018 - 22:34

De trije Fryske dielnimmers oan it iepen NK gersbaan yn Loppersum hawwe gjin yndruk meitsje kinnen. Henry van der Steen, Sjoerd Rozenberg en Jarno de Vries bleaune fier fan it poadium. Van der Steen sette de bêste prestaasje del, mei in sechsde plak. Hy pakte dêrtroch tsien punten foar it einklassemint fan it NK. Rozenberg waard sânde en behelle ek tsien punten foar it einklassemint. De Vries foel al yn de earste race út en pakte gjin punten.

Henry van der Steen (argyf) - Foto: www.awfoto.nl

De Brit Richard Hall gie mei de deipriis oan 'e haal troch de finalerace te winnen. Romano Hummel garre de measte punten foar it einklassemint troch yn syn races in protte punten te pakken.

De wedstriid yn Loppersum wie de twadde yn de searje om it iepen NK. Der folgje noch wedstriden yn Noardwâlde (29 july) en Roden (23 septimber). Wa't nei ôfrin fan alle NK-wedstriden de measte punten behelle hat, is de nije Nederlânsk kampioen.

(advertinsje)