Nard Brandsma wint ljepperij yn Bûtenpost yn seizoensrekôr

Nard Brandsma wint ljepperij yn Bûtenpost yn seizoensrekôr
Nard Brandsma hat sneontejûn it fierljeppen yn Bûtenpost wûn. De Warkumer sprong in ôfstân fan 20.28 meter yn syn earste sprong yn de foarronde en wie dêrmei fierwei de sterkste. De 20.28 meter is de bêste prestaasje fan dit seizoen. Yn de finale gie net ien mear oer dy ôfstân hinne. Twad waard Hannes Scherjon fan Noardburgum. Hy sprong, ek yn de foarronde, in ôfstân fan 19.21 meter. Bobby Zwaagman fan Drylts waard tredde yn 18.76 meter.
Nard Brandsma by it fierljeppen yn Bûtenpost © Martin de Jong

Froulju

Akke Dijkstra, de klassemintslieder, pakte de winst by de froulju. Sy ljepte nei 14.50 meter. Hiske Galama fan Snits waard twadde mei 14.09, foar Sigrid Bokma fan Hylpen, dy't ta in ôfstân fan 13.43 meter kaam.

Junioaren

By de junioaren kaam de fierste sprong fan Freark Kramer fan It Heidenskip. Hy ljepte 19.18 meter. Hy wie mei dizze ôfstân folle better as de nûmer twa en trije, respektyflik Jetse Bokma fan Hylpen (17.21 meter) en Wietse Nauta fan Drylts (17.16 meter).

Jonges

By de jonges wie Rutger Haanstra opnij de bêste. De Heidenskipster ta in ôfstân fan 16.47 meter. Hy hat no alle wedstriden fan dit seizoen wûn. Wisse Broekstra fan Tsjummearum waard twadde mei 15.75 meter. It tredde plak wie foar Renzo Zwaagman út Drylts, dy't 15.52 meter ljepte.

Famkes

De winst by de famkes gie nei Femke Rispens fan Niehove. Se ljepte 13.82 meter. Bente Vlas fan Heech waard twadde (13.77 meter), Fardau van Akker fan Suwâld tredde (13.50 meter).

Oergongsklasse

Bauke de Jong fan Parregea wûn de oergongsklasse. Troch syn prestaasje yn dy klasse (17.17 meter), mocht hy yn de finale fan de topklasse meispringe. Dêryn einige hy as fiifde. It twadde plak yn de oergongsklasse wie foar Jesper Demmer fan Warkum (16.28 meter). Daan de Vries fan Feanwâlden waard tredde (16.21 meter).