Eksploazje en brân op boat yn haven Harns

Op in boat yn de haven fan Harns hat sneontejûn in eksploazje west. Troch de eksploazje ûntstie der in brân yn de stjoerhut fan de boat. De brânwacht ried mei meardere weinen út foar it ynsidint, mar al gau die bliken dat it mei de brân wol tafoel en dat der gjin persoanen mear oan board wiene fan de sylboat. De oarsaak fan de eksploazje en fan de brân is noch net bekend, dêr wurdt ûndersyk nei dien.
Brân op in boat yn de haven fan Harns © Postema Media
Neffens tsjûgen soe in hûn, dy't op de boat wie, de ekploazje en de brân net oerlibbe hawwe. Der soe noch besocht wêze om it bist te reanimearjen, mar om 'e nocht.