FIDEO: 'New Yorks' warehûs iepene yn Akkrum

Nei moannen fan tarieding waard sneon yn Akkrum it grutte New Yorkse warehûs fan Frank Cooper iepene. De kommende twa wiken stiet it doarp yn it teken fan dizze ferneamde âld doarpsgenoat. Akkrum is foar de gelegenheid weromgien yn de tiid. Nei 1896, doe't Frank Cooper syn echte warehûs op 6th Avenue yn New York iepene. En sneon wie it de beurt oan de oer-oer-pakesizzer fan Cooper om it 'warehûs' yn Akkrum te iepenjen. Dêrfoar wie er spesjaal nei Akkrum kaam út de Feriene Steaten wei.
Sixt Avenue yn Akkrum
Yn it neiboude warehûs yn it sintrum fan it doarp stiet ûnder oaren ek in replika fan de ferneamde fontein út dy tiid. Alles om de sfear fan 1896 op te roppen. Sa'n seishûndert Akkrumers ha skoften dwaande west mei de tariedingen foar dit bysûndere barren yn it doarp.
Dit wykein en takom wykein kinne je noch nei it warehûs ta. Mar tink der om, je moatte wol mei dollars betelje.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga