Trio Bergsma, Plat en Schurer wint yn Damwâld

09 jun 2018 - 17:24

It partoer fan Marten Bergsma, Pieter Jan Plat en Jan Schurer hat sneon it haadklasse keatsen frije formaasje yn Damwâld wûn. It trio wie yn de finale mei 5-5 en 6-4 ferrassend te sterk foar it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra.

Pieter-Jan Plat yn akje - Foto: Henk Bootsma
(advertinsje)