Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert omtovere ta sânbak foar beachfollybaltoernoai

09 jun 2018 - 16:48

It Aldehoustertsjerkhôf is dit wykein omtovere ta in grutte sânbak. Mei de Aldehou as dekôr wurdt dêr troch ferskate manljus- en frouljusteams spile yn de Eredivisie Beachvolleybaltour. Oan it toernoai yn Ljouwert dogge ek de ynternasjonale beachfollybaltoppers Alexander Brouwer en Robert Meeuwsen mei. Sy wûnen by de Olympyske Spelen yn Rio brûns.

It beachfollybal op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Der is foar it stedssintrum fan Ljouwert keazen om't de organisaasje op dy wize mear publyk lûke wol. It beachfollybal moat nei de minsken ta, fynt de organisaasje. It dekôr op it Aldehoustertsjerkhôf lient him dêr goed foar.

Earder waard der yn de Eredivisie Beachvolleybaltour spile op in plein foar de stedsskouboarch yn Utrecht en ein dizze moanne is de Martinitoer yn Grins it dekôr.

Ferslachjouwer Wytse Vellinga seach op it plein

Trefwurden: 
Ljouwert beachfollybal
(advertinsje)