Kuorbaltalinten Havic troch nei finale

09 jun 2018 - 15:09

It B1 kuorbalteam fan Havic hat sneon de finale om de lânstitel berikt. It team wie yn Driebergen mei 20-14 royaal te sterk foar PKC B1. Havic hie in fleanende start en kaam mei mar leafst 14-2 foar. Beide ploegen giene mei in rêststân fan 14-5 foar Havic it skoft yn. Nei it skoft hâlde Havic de foarsprong ienfâldich fêst. Nije wike sneon is de finale yn Bennekom tsjin DVO, dat út dat doarp komt en dus in thúswedstriid spilet.

Havic is foar de sechsde kear finalist yn fjouwer jier tiid. De klup, dy't bestiet út spilers út De Harkema en Kollum, wûn de ôfrûne jierren al fiif nasjonale titels. Se binne dwaande mei in opfallende prestaasje: it jeugdkuorbalteam hat al trije jier gjin kompetysjewedstriid ferlern.

Havic-spiler Thomas Visser

Blydskip by de spilers fan Havic - Foto: Omrop Fryslân, Freark Wijma
Trefwurden: 
De Harkema Kollum kuorbal Havic
(advertinsje)