Reedriders lilk oer beslút ISU oer fermindering tal WK's fan trije nei ien

09 jun 2018 - 14:23

Ald-reedrider Rintje Ritsma fan De Lemmer is lilk oer it beslút fan reedryduny ISU om fan it seizoen 2020/2021 ôf noch mar ien wrâldkampioenskip yn it jier te hâlden. No binne der alle jierren noch trije WK's: allround, sprint en ôfstannen.

Ritsma reagearret op Twitter as folget: ''Dit moet weer een grootheid in het schaatsen bedacht hebben.'' Hy slút ôf mei #stelletjepannenkoeken.

Wüst: Opset WK moat oars, mar dit giet wol hiel fier

Reedrydster Ireen Wüst is ferrast troch it beslút. Se is der wol foar dat de opset fan it WK feroaret, mar fynt dit wol hiel fier gean. Se neamt it spitich en is it der net mei iens om de trije WK's samar ôf te skaffen. Dochs tinkt Wüst dat it beslút noch wol oanpast wurde sil. ''Het gaat pas over een paar jaar in, er kan in die tijd nog veel veranderen.''

It beslút oer de fermindering fan it tal WK's waard sneon naam op it ISU-kongres yn Sevilla. It is neffens it bestjoer fan de ISU noch net dúdlik hoe't it nije wrâldkampioenskip der krekt út komt te sjen en hokker titels yn de takomst te fertsjinjen binne.

Trefwurden: 
reedriden WK ISU Rintje Ritsma
(advertinsje)