Grutste jeugdkuorbaltoernoai fan de wrâld yn De Pein

Mar leafst 1500 jonge kuorballers út hiel Noard-Nederlân binne yn De Pein foar in toernoai. Dêrmei is it nei alle gedachten it grutste jeugdkuorbaltoernoai fan de wrâld.
It toernoai yn De Pein wurdt sneon foar de santichste kear hâlden. Om derfoar te soargjen dat de 154 teams net te lang hoege te wachtsjen, wurde der ek wedstriden spile op de fuotbalfjilden fan VV ONT.
Grutste jeugdkuorbaltoernoai fan de wrâld yn De Pein
Ik ha hjir hûnderten oeren yn stutsen, mar dêr sil gjinien my oer hearre.
Organisator Janco Akkerman
Organisator Janco Akkerman hat it sels leaver oer it grutste jeugdkuorbaltoernoai fan Noard-Nederlân. mar de kâns is grut dat it om it fan de wrâld giet. Spesjaal foar de lytse bern is der in spultsjessirkwy.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Organisator Janco Akkerman