Skriuwer boek oer Redbad kritysk oer film Redbad

Skriuwer Willem Schoorstra is kritysk oer de nije film Redbad, dy't freed yn Amsterdam yn premjêre gien is. Neffens him binne de filmmakkers ûnterjochte ôfwykt fan de histoaryske feiten oer de legindaryske Fryske kening Redbad, wylst just de histoarje nijsgjirrich genôch is om in moaie film te meitsjen.
Dat de film yn it Ingelsk en Nederlânsk opnaam is en net yn it Frysk, neamt Schoorstra in miste kâns. Hy hat yn it foar mei filmmakker Klaas de Jong kontakt socht, mar dy hat neffens Schoorstra oanjûn net in klear histoarysk ferhaal meitsje te wollen. Schoorstra hat jierrenlyn in boek oer Redbad skreaun, dat wol op histoaryske feiten basearre is.
Willem Schoorstra © Omrop Fryslân
Willem Schoorstra oer de film Redbad