Kúkshiem nei 10 jier klear

It appartemintekompleks Kúkshiem yn Dronryp is offisjeel iepene. De bou hat hast tsien jier duorre. Der wiene in soad beswieren wienen tsjin de bou. It stiet by it keatsfjild dêr't earder in koarkfabryk stie. Yn it nije gebou is romte foar tritich hierwenten en tsien keapwenten en bedriuwen. Alle hierwenten binne beset. De ferkeap fan keapwenten en bedriuwsromte ferrint dreech. Supermerk Poiesz sit yn it gebou. Mei oare partijen wurdt noch praat.