Nije monitorfûken op it Waad

09 jun 2018 - 10:52

Der komme twa grutte fûken by Lauwerseach en Skiermûntseach om sicht te krijen op de fiskstân op it Waad. Sa'n fûke is 120 meter lang en maksimaal 30 meter breed.

It giet om in proef om te sjen oft de fûken de wittenskip helpe kinne. Op it stuit is der mar ien sa'n fûke by Teksel en mei op basis fan wat dêr al jierren lang fongen wurdt, bestiet de yndruk dat it net goed giet mei de fisk op it Waad.

Op basis fan de proef kin sjoen wurde oft ien fan de twa nije lokaasjes dêr in goeie oanfolling op wêze kin. Fiskerijkoöperaasje Vissers van de Kust sil de proef útfiere ûnder begelieding fan it Koninklijk Nederlands Instituut voor onderzoek der zee.

Fisker Jaap Vegter is bliid dat der twa fûken by komme.

(advertinsje)
(advertinsje)