Kollum: "Reklame"

09 jun 2018 - 10:40

"Wat in ergernis is, hoech ik jimme net te fertellen. De measte minsken ergerje harren op regelmjittige basis wol ergens oan. Dêr ergerje oaren harren dan wer oan en sa hawwe je samar stof foar in top 10 oan ergernissen.

Kollum Ferdinand de Jong: Reklame

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

Yn de iere simmer is dit in weromkommend fenomeen. Hawwe we oan de ein fan it jier te krijen mei muzyklistjes en oersjoggen fan it jier dat sawat efter ús leit, om dizze tiid hinne komme de ergernissen op it aljemint. No, it blykt dat wy ús hjir yn Nederlân allemachtich ergerje kinne. Leafst oan de meast nutteleaze saken, want dan hâlde je praat. Dizze wike wie it ferkear oan bar. De bekende saken kamen foarby. Bumperkleve, te hurd ride, links riden bliuwe op de sneldyk, ride mei drank op of sa stoned as in knyn achter it stjoer krûpe en drompels yn de dyk. Samar wat foarbylden.

No haw ik dêr wol wat myn betinkingen by. Bumperkleve bygelyks. Dat fenomeen docht him foar as de klever wat hurder wol as syn foargonger. Dy soe yn stee fan him daliks te ergerjen ek even neitinke kinne en bygelyks even romte jaan, sadat de oare der foarby kin. Miskien moat de klever wol nedich nei it húske of sit syn frou neist him dy't elk momint befalle moat. Op dat soarte mominten kin ik my yntinke dat je hastich binne. In bytsje jaan en nimme op de dyk yn stee fan fuortendaliks de middelfinger op te stekken en, as trou folger fan de wet, even de remme oan te tikjen. Dat leveret pas echt agresje op.

Persoanlik ergerje ik my oan minsken dy't oeral foar remje. Komt der in tsjinlizzer oan, litte se it gas los, komt der gjin tsjinlizzer mar is der immen yn de tún oan it wurk, litte se ek it gas los. Fljocht der in fûgel op tsien meter hichte oer de dyk, litte se ek it gas los. Tinke se dat der in fûgel op tsien meter hichte oan sit te kommen, litte se út foarsoarch it gas ek los. Giet harren telefoan, litte se ek it gas los, omdat se it appke al even lêze moatte. Fytst der in fytser, bliuwe se achter de fytser hingjen, sels al bliuwt dy stilstean. Itselde jildt foar it wachtsjen achter in bus, as dêr ien yn- of útstapt. Wêr is it deagewoane ynheljen bleaun? Ik sjoch geregeld in 40 kilometer autoke fan Beetstersweach nei Drachten riden. Op dy dyk meie je 60, mar achter dat 40 kilometer-weintsje hinget in sliert auto's wylst der gjin tsjinlizzer yn sicht is. Is der dan in hastige ZZP'er dy't de kolonne folslein legaal ynhellet, kriget hy of sy de folle laach. En dat is net terjochte.

Standert tsien kilometer stadiger ride as tastien is. Dat is ek in ergernis. Je hawwe minsken dy't oeral 50 ride. Yn de beboude kom, op 60 kilometer-diken en op 80 kilometer-diken. Oeral 50 keutelje en dat moard en brân raze as ien om harren hinne komt. Ik begryp dat net. In foarbyld is it stik dyk fan de fjilden fan Drachtster Boys rjochting De Wylgen. Dat is in stikje dêr't je 60 kilometer meie. Guon ride dêr 30, omdat se tinke dat it beboude kom is. As je der dan omhinne ride, flikkerje se mei de ljochten.


Myn rydstyl sil by guon minsken wol ergernis opwekke. Mar sûnt dizze wike kinne jimme my belje, want ik bin net langer anonym yn it ferkear. As je reklame op je buske hawwe, besykje je noch better oan de regels te hâlden, dat fernim ik wol. Mar asjebleaft, as ik ien ynhelje om ien fan de boppesteande redenen, belje dan mar net. Ik haw yn de 30 jier dat ik it rydbewiis haw, nea in ûngemak hân, in oanriding feroarsake en dat wol ik ek graach sa hâlde. O ja, dy reklame is foar de Sutelaksje. Myn telefoannûmer stiet derûnder. Dêr meie jimme my altyd wol oer belje, hear."

Trefwurden: 
Kollum Ferdinand de Jong
(advertinsje)