Tennisser Antal van der Duim opnij fertocht fan matchfixing

Tennisser Antal van der Duim fan Finkegea wurdt tegearre mei Boy Westerhof neffens de Volkskrant fertocht fan matchfixing yn in Belgysk-Armeensk goksyndikaat.
Yn België binne trettjin minsken oanhâlden as fertochte. Van der Duim en Westerhof sitte dêr net by, mar de Belgyske justysje wol harren wol hearre oer it manipulearjen fan wedstriden. De Belgyske justysje hat dêr kontakten oer mei de Nederlânske justysje, dy't beide tennissers hearre sil.
Van der Duim en Westerhof rekken yn 2014 yn opspraak nei in ûnderlinge wedstriid, dêr't in soad jild op ynset wie.
Tennisser Antal van der Duim opnij fertocht fan matchfixing