Mishanneling yn Ljouwert, man oppakt

09 jun 2018 - 08:43

In 26-jierrige man út Zoetermeer is yn de nacht fan freed op sneon yn Ljouwert oanhâlden as fertochte fan in mishanneling yn in hoarekasaak oan it Ruterskertier. It slachtoffer moast mei letsel oan de holle nei it sikehûs.

De fertochte sit fêst en hat in hoarekaferbod foar in jier krigen. De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk en slút meardere oanhâldingen net út.

Trefwurden: 
Ljouwert
(advertinsje)