Omrop TIP: Ekspedysje Skier

Fryslân DOK Ekspedysje Skier
Op de Baljée-wykeinskoalle yn Ljouwert sitte bern, 10 jier en âlder, dy't wol wat ekstra help brûke kinne. Op útnûging fan Skiermûntseach komme se in wykein nei it eilân om dêr fakânsje te fieren en ynterviewe bysûndere bewenners fan it eilân.

Op fakânsje op Skier

Tweintich sneinen yn it jier wurdt der wurke oan it selsbetrouwen fan de bern en harren takomst perspektyf. Se komme út húshâldingen dy't net in soad jild hawwe, hawwe krekt in skieding fan de heit en mem efter de rêch of binne bern fan asylsikers. Op fakânsje gean? Dat dogge sy hast nea. De ynwenners fan Skier betochten it plan om harren in bysûndere ûnderfining te jaan: in wykein op it Waadeilân.

Bysûndere eilanners

Yn de Fryslân DOK 'Ekspedysje Skier' folget programmamakker Thom Verheul trije fan dy bern ûnder harren reiske op Skier: Marwa, Jalco en Jaimey. Alle trije bern binne 13, wenje yn Ljouwert, mar hawwe in hiel oar ferhaal. Ien kear op Skier ynterviewe de bern bysûndere eilanners.
Bern fan de Baljéeskoalle ynterviewe bysûndere eilânbewenners op Skier © Omrop Fryslân
De Fryslân DOK dokumintêre 'Ekspedysje Skier' is op snein 10 juny om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen.