UPDATE: Brân yn Drachten, apparteminten ûntromme

09 jun 2018 - 08:11

Yn Drachten is yn de nacht fan freed op sneon brân útbrutsen yn in appartemint oan de Nijverheid. De bewenner waard wekker fan de reekmelder en gie sels op ûndersyk út. Doe seach er dat syn wenning al hielendal yn de brân stie. Brânwacht en plysje waarden oproppen nei it plak fan de brân.

UPDATE: Brân yn Drachten, apparteminten ûntromme

De plysje begûn fuortendaliks de oare apparteminten te ûntromjen. In tal dêrfan hie reekskea troch de brân. Der binne gjin minsken ferwûne rekke by de brân.

Nei alle gedachten is in baarnende sigaret de oarsaak fan de brân. De bewenner fan it troffen appartemint moast gau flechtsje. Hy hie gjin tiid de klean oan te dwaan, Hy stie yn ûnderbroek bûtendoar. Fan in buorman krige er in jogginbroek oanbean.

Foto: Omrop Fryslân, Evert van den Berg

Jan Willem Zwart fan de Brânwacht Fryslân

Foto: Omrop Fryslân, makke troch in tsjûge
Trefwurden: 
Drachten brân
(advertinsje)