Ald-Hearrenfeanspiler Namli mooglik foar miljoenen nei Italië

De kâns is grut dat PEC Zwolle miljoenen fertsjinje sil oan âld-SC Hearrenfeanfuotballer Younes Namli. Genoa hat ynteresse foar de oanfaller. De klup is ferline seizoen as tolfde einige yn de Italiaanske searje A. PEC Zwolle freget sa'n 2 en in heal miljoen euro foar Namli, in rekôrbedrach foar de klup.
"Wij hoorden steeds dat hij niet in de plannen van Streppel voorkwam.
Foardat Namli by PEC Zwolle kaam, hat er twa en in heal jier yn it Abe Lenstrastadion fuotballe. Streppel seach yn de oanfaller foaral in sintrale middenfjilder. Hy hat him sels twa kear brûkt as linksback. En dat wylst de skouting by SC Hearrenfean ferskate kearen oanjûn hat Namli oan de rjochterkant te setten. "Hij is veel gevaarlijker op rechts, heeft een goede voorzet en kan met links naar binnen trekken. Maar wij hoorden steeds dat hij niet in de plannen van Streppel voorkwam."
Fan technysk direkteur fan SC Hearrenfean Gerry Hamstra mocht Namli ferline jier fergees fuort. Dy beslissing kostet de klup no miljoenen.
PEC Zwolle seach it talint fan Namli wol en yn Zwolle groeide de Deenske oanfaller yn ien seizoen út ta publyksfavoryt. By PEC Zwolle krige er fan trainer John van 't Schip wol in frije rol oan de rjochterkant en wie er dit seizoen goed foar sân doelpunten en sân assists.