Topdrokte by it Lanekeatsen yn Harns
Topdrokte by it Lanekeatsen yn Harns
De finales fan it Lanekeatsen yn Harns lutsen freedtejûn hûnderten taskôgers. It tradisjonele strjitkeatsen op de Lanen mei in sêfte bal bliuwt populêr yn de havenstêd en is foar in soad minsken ien fan de eveneminten fan it jier. It toernoai sette moandei útein en luts alle dagen in protte folk, mei help ek fan it moaie waar.
Dit jier dienen der 137 partoeren mei, ferdield oer seis klassen.
It hjoeddeistige Lanekeatstoernoai bestiet sûnt 1950. Dit jier is de 69ste edysje. Foar in soad Harnzers is it Lanekeatsen ien fan de hichtepunten fan it jier.