Sherida Spitse wint mei Oranjefroulju sûnder problemen yn WK-kwalifikaasje

De Nederlânske fuotbalfroulju, mei Sherida Spitse fan Snits, hawwe sûnder problemen fan Noard-Ierlân wûn. Yn de WK-kwalifikaasjewedstriid waard it 5-0 foar de Oranje Liuwinnen.
© ANP
Yn it earste healoere kaam Nederlân noch net ta skoaren. Spitse besocht it in pear kear fan ôfstân, mar sûnder sukses. Tsien minuten foar it skoft makke Lineth Beerensteyn wol de iepeningstreffer. Nei in passke fan Spitse draaide se har goed frij en skeat se raak.
In kertier nei it skoft soarge Daniëlle van de Donk nei in moaie oanfal foar de 0-2 en direkt dêrnei skeat Shanice van de Sanden hurd de 0-3 binnen. Spitse kaam ek op it skoareformulier: sy makke der mei in strafskop 0-4 fan. Jackie Groenen bepaalde in pear minuten foar tiid de einstân op 0-5.
Troch de oerwinning bliuwt Nederlân boppe-oan stean yn de pûl om WK-kwalifikaasje. Nederlân spilet noch twa wedstriden. De earstkommende is tiisdei yn it Abe Lenstra Stadion tsjin Slowakije.