Reedrydbûn kiest foar ien WK yn it jier, KNSB net bliid

08 jun 2018 - 22:13

It ynternasjonale reedrydbûn ISU wol fan it seizoen 2020/2021 ôf it WK sprint, allround en ôfstannen yn ien wykein planne. Dat hat de organisaasje besletten op in kongres yn Sevilla. Hoe't it wrâldkampioenskip dan krekt stal krije sil, moat de organisaasje de kommende tiid fierder útwurkje.

Foto: www.orange-pictures.nl

No te folle kampioenen

It Nederlânske reedrydbûn KNSB is net bliid mei it beslút, om't it graach op syn minst twa WK's yn it jier hawwe wol. It idee om ien wrâldkampioenskip te hâlden komt fan de technyske kommisje fan de ISU. It langebaanreedriden soe no te folle kampioenen telle en dat is betiizjend foar it publyk, sa stelt ISU. Ek fan kommersjeel eachpunt út soe it better wêze om de wrâldkampioenskippen te keppeljen.

Yn it seizoen 2019/2020 giet de ISU al werom nei twa titeltoernoaien: it WK ôfstannen en in kombinearre WK sprint en allround. It jier dêrop bliuwt der dan noch ien WK oer.

Wurkgroep tinkt nei oer model

"We krijgen als KNSB zitting in een werkgroep die mee gaat denken over de invulling van dit model in combinatie met het huidige model van de wereldbekerwedstrijden. Hierdoor zitten we dicht bij het vuur en kunnen we invloed uitoefenen", sa seit Jeroen Kraaij fan de KNSB op de webside fan Schaatsen.nl.

(advertinsje)
(advertinsje)