Bêste Fryske tennisser Sander Arends makket him klear foar gersseizoen

De karriêre fan de Ljouwerter tennisser Sander Arends hat in flecht naam. Arends is de bêste tennisser fan Fryslân en is krekt werom fan Roland Garros. Hy makke syn debút yn Parys. Fan no ôf sil er him rjochtsje op it gersseizoen. Sa sil er foar de twadde kear meidwaan op Wimbledon.
Reportaazje mei de trainer en dûbeldpartner fan Arends
Freed wie Arends te gast yn Fryslân Hjoed mei syn heit Frans en Peter van der Meeren, sportferslachjouwer fan de Ljouwerter Krante.
Wat sit der noch yn foar Arends? Op it stuit stiet er op plak 68 op de wrâldranglist fan dûbeldspilers. Matwé Middelkoop, mei wa't Arends dûbelje sil op it gers, en trainer Gerard van Hellemondt sizze dat er de top-20 helje kin. "Zijn spel aan het net is van wereldniveau", seit Van Hellemondt. En Middelkoop seit dat Arends ferfelend is as tsjinstanner: "Het is een heel moeilijke jongen om tegen te spelen. Ik heb vaak tegen hem gespeeld, ik vond het helemaal niets."
No kinne se it dus mei syn beiden oare duo's dreech meitsje. It gersseizoen foar de tennissers begjint takom moandei. Wimbledon set op 2 july útein.
Petear mei Arends, heit Arends en Van der Meeren