Nynke Sijbrandij, Sandra Hofstra en Manon Scheepstra winne keatsen yn Stiens

08 jun 2018 - 21:27

It partoer fan Nynke Sijbrandij, Sandra Hofstra en Manon Scheepstra hat it keatsen yn Stiens wûn. By de trochinoarlotsjenpartij wûnen se yn de finale fan Elly Hofman, Marta Altenburg en Harmke Siegersma.

De tredde priis yn Stiens wie foar Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Kim Dijkstra.

(advertinsje)