Fernijde histoaryske Turfrûte feestlik iepene op De Gordyk

08 jun 2018 - 20:12

De fernijde Turfrûte is iepen. Op De Gordyk stutsen deputearre Klaas Kielstra en de wethâlders fan de gemeenten Opsterlân en Eaststellingwerf symboalysk turf oan. It bliuwt net by allinnich de iepening: de brêgen wurde dit wykein betsjinne en soks bart normaalwei pas letter yn it jier. En it hiele iepeningswykein stiet noch fol mei aktivieiten.

Roald Smidt fan de provinsje Fryslân

Foto: Provinsje Fryslân

Sa kinne natuer- en wettersportleafhawwers sneon en snein ûnder oare farre, suppe, kanoje of yn ien fan de gemalen sjen.

Anneke Lukkers fan toeristysk netwurk Fryske Wâlden

In unike tagongspoarte foar Fryslân.

Deputearre Klaas Kielstra

"De Turfrûte is in unike tagongspoarte foar Fryslân", seit deputearre Kielstra. "De rûte ferbynt ús provinsje mei Drinte en de kop fan Oerisel. Mei de ynvestearrings yn de Turfrûte wolle we in positive ympuls jaan oan it toerisme yn it gebiet."

Foto: Provinsje Fryslân

10,8 miljoen euro

De farrûte is de lêste jierren opwurdearre. De wurksumheden bestienen benammen út it djipper meitsjen fan de feart. No is de rûte geskikt foar boaten mei in djipgong fan 1,30 meter. Dêrnjonken binne der duorsume en natuerfreonlike ouwers oanlein.

De provinsje hat fyftjin jier mei gemeenten wurke oan it oantrekliker meitsjen fan de wettersport yn Fryslân. Mei-inoar ha de partijen sawat 10,8 miljoen euro yn de Turfrûte ynvestearre.

It hiele programma fan it iepeningswykein is te finen op de webside fan de Turfrûte.

(advertinsje)