Plestik sop, hoe slim is it?

08 jun 2018 - 18:10

Op dizze World Oceans Day is der in protte omtinken foar de plestik sop. In grut probleem foar de natoer. It oplossen fan de sop yn oseanen en seeën is net ien-twa-trije oplost.

By de oplieding foar Kust- en Zeemanagement op Van Hall Larenstein is der ek in protte omtinken foar de plestik sop. Dosinte Jorien Rippen fan de skoalle warskôget dat we der allegear oan meiwurkje moatte om it wetter yn de oseanen en seeën wer skjinner te krijen. De útdrukking "verbeter de wereld, maar begin bij jezelf" is hjir neffens har hielendal op fan tapassing.

It Wereld Natuur Fonds seit dat it fiif foar tolven is en neffens Rippen moatte wy sels aksje ûndernimme. 'Nee' sizze tsjin plestiken taskes en plestiken bekerkes bygelyks. Net allinnich de natoer rint nammentlik skea op. De mins rint der ek gefaar troch, want de lytse plestiken dieltsjes komme úteinlik yn ús iten

(advertinsje)