Cambuur bliid mei nije regels foar belofteteams yn earste difyzje

08 jun 2018 - 17:26

Finansjeel direkteur Gerald van den Belt fan Cambuur is bliid mei de strangere regels foar belofteteams fan earedifyzjeklups dy't meidogge yn de earste difyzje. Mei yngong fan takom seizoen meie allinnich spilers oant en mei 23 jier noch yn de kompetysje meidwaan.

Foto: www.dijksfotografie.nl

Ek jonge spilers fan 18 oant en mei 20 jier dy't mear as 18 wedstriden yn it earste spile hawwe, meie net yn de earste difyzje útkomme.

Neffens Van den Belt meitsje de nije regels, dy't troch de KNVB opsteld binne, de earste difyzje earliker en dus is it in stap foarút. Mar it kin noch hieltyd better. De Cambuur-direktuer fynt dat de leeftiidsgrins noch wol fierder nei ûnderen kin.

Hielendal gjin belofteteams mear

It leafst seach er dat der hielendal gjin belofteteams mear yn de earste difyzje spylje soenen. Mar hy beseft ek dat dit op dit stuit net reëel is. Der bliuwe dan mar 16 echte profklups oer en út de twadde difyzje wolle, sa't it no stiet, gjin ploegen promovearje.

(advertinsje)