Fryske kuorbaltalinten op jacht nei opnij in grutte nasjonale titel

It jeugdkuorbalteam Havic soarget al in pear jier foar opmerklike prestaasjes. It kombinaasjeteam fan de KV Harkema en de KV Invicta út Kollum hat al trije jier gjin kompetysjewedstryd ferlern en kin takom wykein har sechsde NK-titel winne.
Havic nei NK
Havic stiet sneon yn de heale finale fan it Nederlânsk kampioenskip kuorbaljen. Yn Driebergen spilet Havic B1 tsjin PKC B1 om in plak yn de finale. Sûnt 2014 hat it kombinaasjeteam fan De Harkema en Invicta (Kollum) al fiif nasjonale titels binnenhelle, en se sille op jacht nei de sechde.
De winner fan de heale finale spilet takom wike sneon yn Bennekom om de haadpriis. De oare finalist komt út it duel tusken Fortuna en DVO.
© Youtube: Jorgen Gerstel