Arriva ek twa wiken fossylfrij mei de Elfwegentocht

Alle hast 200 bussen fan Arriva ride fan 1 oant 14 july fossylfrij. Arriva docht mei oan de Elfwegentocht dy't dan plakfynt yn de provinsje. It doel fan de tocht is om twa wiken gjin fossile brânstoffen te brûken.
Arriva rydt mei har bussen twa wiken op HVO, wat stiet foar Hydrotreated Vegetable Oil. Dat is makke fan plantaardige resten. Dat redusearret de CO2 mei sa'n 80 persint. Dernjonken biedt Arriva har reizgers in goedkeaper abonnemint oan. Foar Arriva is it in grutte stap nei folslein fossylfrij yn 2050.