Iepenloftspullen; de premjêre fan Gabe Skroar

08 jun 2018 - 16:59

As de earste besikers mei in boatsje ophelle wurde, rôpt der ien: "Moaier kin de jûn net begjinne." En dat is sa. Want as je in muzikaal teäterspektakel op in lokaasje oan it wetter dogge, dan is der gjin better waar te betinken as dat fan tongersdei. Yn goed twa oeren komt it libben fan de Halbertsma-bruorren foarby. Gabe Skroar, spile troch Freark Smink, kin de húshâlding hast net bymekoar hâlde.

It dekôr en de lokaasje binne allinne al in plaatsje om nei te sjen. Achter de skermen is grimeur Arjen van der Grijn ien fan de minsken dy't drok oan de gong binne om elk yn de grime te krijen. Ien foar ien feroarje de spilers yn harren personaazjes. Freark Smink krijt ek in moaie prûk. Dat sil yn de earste helte wol lekker waarm fiele. "Een geboren Gabe Skroar", ropt Arjen entûsjast, wylst ien fan de bruorren syn kraach noch efkes goed docht.

Om njoggen oere begjint de foarstelling. Twa oeren lang sjogge we wat de bruorren Halbertsma ferbynt, wat se bymekoar weidriuwt en hoe't Gabe Skroar besiket de boel bymekoar te hâlden. Dat slagget net altyd. De Dea sprekt him hjirop oan. "Mei-inoar giet net oer gesellichheid, mei-inoar giet oer ast op mekoar oan kinst as it tsjinsit."

Freark Smink is boppeklasse.

Besiker fan de premjêre

It is healwei tolven as it publyk nei applaus de tribune ferlit. Ien fan de besikers seit dat se ûnder de yndruk is. Fral it momint dat je meikrije dat it Frysk folksliet ûntstiet. In oare besiker hat net safolle op mei it sjongen. De gedichten út Rimen en Teltsjes binne op muzyk set en binne in reade tried yn de foarstelling. De nûmers binne ek op cd set. Wer in oar kin der dreech ynkomme. "It wie my wat te folle fantasy." En guon fine it krekt wat te lang duorjen. "Fral de twadde helte."

Binne de ferhalen, de feesten of de dea de ferbinende faktor? Se hawwe it allegear foar de kiezzen krigen, de Halbertsmas. Mar wat hawwe se ús wat neilitten; it Fries Museum, it Frysk folksliet én Gabe Skroar.

Alles witte oer de iepenloftspullen yn Fryslân? Sjoch dan op Omrop Fryslân's spesjale iepenloftspulside. Hjir fynst eksklusive filmkes, artikels, neibeskôgingen en fansels praktyske ynformaasje oer de moaiste iepenloftspullen fan 2018.

(advertinsje)