Cambuur hellet Letske middenfjilder fan Schalke 04

08 jun 2018 - 16:18

Sportklup Cambuur hat in nije middenfjilder. Andrejs Ciganiks út Letlân spilet takom seizoen foar de Ljouwerters. Hy tekenet in kontrakt foar ien seizoen mei in opsje foar noch in seizoen.

Foto: www.dijksfotografie.nl

De 21-jierrige Ciganiks spile de ôfrûne jierren yn Dútslân. Foarich seizoen kaam er út foar it twadde team fan FC Schalke 04 en dêrfoar spile de linkspoat ûnder oare by Viktoria Köln en Bayer Leverkusen. Hy spile ek yn hast alle jeugdseleksjes fan Letlân.

Foeke Booy, technysk manager is bliid mei Ciganiks. "Andrejs is een ambitieuze en dynamische teamspeler." Neffens Booy kin de Let op it middenfjild en links foaryn spylje. "Hij is bij ons op proef geweest en is bekeken tijdens een wedstrijd van Schalke 04 II, waarin hij twee keer scoorde. Beide keren heeft hij een positieve indruk op ons achtergelaten en hij krijgt hier de kans om vervolgstappen te maken."

(advertinsje)