Burgumse dy't freon stuts mei slachtersmês nei leafdesdrama moat wurkstraf dwaan

08 jun 2018 - 16:04

In 46-jierrige frou út Burgum moat 180 oeren wurkstraf dwaan om't se yn febrewaris har freon mei in slachtersmês yn it skouder stuts. Se krige ek in finzenisstraf, mar dy wie gelyk oan de 42 dagen dy't se al fêstsitten hie. Dêr boppe-op joech de rjochter har 240 dagen sel ûnder betingst. It Iepenbier Ministearje easke twa wiken lyn 16 moannen sel.

It IM seach de died fan de frou as poging ta deaslach, mar de rjochtbank gie út fan in poging ta swiere mishanneling.

De frou hie yn de nacht fan 15 op 16 febrewaris speed en alkohol brûkt en koe har neat mear fan dy nacht foar de geast helje.

De rjochtbank seit dat de Burgumse 'in soad help' nedich hat. Sy moat har behannelje litte en yn de proeftiid fan 3 jier mei se gjin alkohol en drugs brûke. Oan har eks-freon moat se in skeafergoeding fan 300 euro betelje. In kontaktferbod, dat it IM ek easke hie, krige de frou net, omdat se sei dat se gjin kontakt mear ha wol mei har eks.

Trefwurden: 
selstraf slachtersmes Burgum
(advertinsje)