Selstraf foar Hurdegarypster dy't styfbern misbrûkte

08 jun 2018 - 15:40

In 61 jierrige âld-ynwenner fan Hurdegaryp moat twa jier de finzenis yn foar it seksueel misbrûken fan syn eardere styfbern. Dêrby hat er ek noch in jier finzenisstraf ûnder betingst krigen.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

De man hat tusken 2002 en 2008 seksuele hannelings dien by twa bern, in jonge en in famke, fan in frou dy't doetiids syn freondinne wie. Hy die dat yn it âlderlik hûs. De rjochter nimt him dat ekstra kwea-ôf. Thús is in plak dêr't bern harren feilich fiele moatte, seit de rjochter.

Eskalaasje

It misbrûk begûn reedlik ûnskuldich mar de man gie hieltyd fierder. It barde altyd as de mem fan de bern net thús wie. De fertochte ûntkent en neffens de rjochtbank is der by him in gebrek oan ynsjoch yn syn hanneljen en de gefolgen dêrfan.

De man moat him ek ûnder behanneling stelle en de slachtoffers 2500 en 6000 euro skeafergoeding betelje.

Trefwurden: 
justysje misbrûk
(advertinsje)
(advertinsje)