Ein driget foar park Barradiel

04 nov 2011 - 10:38

It bungalowpark Barradiel yn Tsjummearum driget fallyt te gean. Gemeente en parkeigner Postma binne yn in juridyske striid wikkele. As de gemeente de earder opleine twangsom ynbart, driget it fallissemint. De fraach is oft Poalske wurknimmers yn de rekreaasjewenningen wenje meie of net. Der moat noch in útspraak komme yn in boaiemproseduere. Postma spande in koart pleit oan om foar te kommen dat er twangsommen betelje moat. Dat hat er ferlern.

(advertinsje)
(advertinsje)