Learlingen Simon Vestdijk yn Harns romje strân op

08 jun 2018 - 14:46

It wie in drokte fan belang freedtemoarn betiid op it strân fan Harns. 150 learlingen fan RSG Simon Vestdijk gienen mei prikkers en spandoeken op syk nei plestik. Se dienen dat fanwege de World Ocean Day. Dit jier is it tema plestik sop. Oer de hiele wrâld wurdt freed stilstien by it enoarme probleem en it belang fan de oseanen en seeën.

Ek it Waad wurdt, miskien wol wat minder as oare plakken, bedrige troch rotsoai yn de see. Dêrom is it fan belang dat ek hjir omtinken foar de plestik sop is, fynt bygelyks de Waadferiening.

Learlingen fan RSG Simon Vestdijk mei spandoeken - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Inisjatyf Marleen Jorritsma

De opromaksje yn Harns is in inisjatyf fan Marleen Jorritsma. Sy is learling oan de Vestdijk-skoalle en wie ferline jier te gast by de Feriene Naasjes yn New York foar in grutte konferinsje mei jongerein fan oer de hiele wrâld, dy't yn Wrâlderfgoedgebieten by see wenje. Marleen is opgroeid op Skylge en fynt it tige wichtich dat der omtinken komt foar it probleem fan de plestik sop en oare fersmoarging.

Mei har skoalle hat se dat freedtemoarn dien. Se hopet dat it har kollegalearlingen en oare jongerein bewust makket fan it probleem. De Waadferiening fynt it fan grut belang dat jongerein belutsen wurdt by de takomst fan it Waad en is bliid mei it inisjatyf fan Marleen.

Marleen Jorritsma oer de skjinmakaksje

De learlingen sels fûnen it ek moai om te dwaan, al wie it wol in bytsje in ferplichting. Se fine it wichtich dat de see skjin is. It strân wie freedtemoarn net hiel smoarch, mar dochs waard der noch hiel wat mei de prikkers oppikt. Sigarettepeuken en plestik wiene de grutste fynsten.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer
(advertinsje)